1
0
mirror of https://github.com/gorhill/uBlock.git synced 2024-07-08 04:49:12 +02:00
uBlock/dist/description/description-fy.txt

50 lines
1.9 KiB
Plaintext
Raw Blame History

This file contains ambiguous Unicode characters

This file contains Unicode characters that might be confused with other characters. If you think that this is intentional, you can safely ignore this warning. Use the Escape button to reveal them.

In effisjnte adblocker: brûkt hast gjin prosessorkrêft en ûnthâld. Dochs kin it tûzenen filters mear lade en tapasse as oare populêre adblockers.
Yllustrearre effisjinsjefergeliking: https://github.com/gorhill/uBlock/wiki/uBlock-vs.-ABP:-efficiency-compared
Gebrûk: Mei de grutte oan-útknop yn de pop-up kin uBlock permanint yn- of útskeakele wurde foar de aktuele website. It wurdt inkeld op de aktuele website tapast. It is gjin globale oan-útknop.
***
Fleksibel, want it is mear as in "adblocker": it kin ek filters ynlêze en meitsje fan hostsbestannen.
Standert wurde de folgjende filterlisten laden en tapast:
- EasyList
- Peter Lowes Ad server list
- EasyPrivacy
- Malware domains
Der binne mear listen beskikber dy't jo ynskeakelje kin:
- Fanboys Enhanced Tracking List
- Dan Pollocks hosts file
- hpHostss Ad and tracking servers
- MVPS HOSTS
- Spam404
- En in protte mear
Natuerlik wurdt it ûnthâldgebrûk grutter as der mear filters ynskeakele wurde. Mar sels nei it ynskeakeljen fan Fanboy's twa ekstra listen, hpHostss Ad en tracking servers, hat uBlock in leger ûnthâldgebrûk as oare populêre blockers.
Let op, it gebrûk fan guon fan dizze ekstra listen ferheget de kâns dat websites net korrekt werjûn wurde -- seker de listen dy't normaal as hosts-bestân brûkt wurde.
***
Sûnder de standert filterlist docht dizze add-on neat. Dus as jo ea echt in bydrage leverje wolle, tink dan oan de minsken dy't hurd wurkje om de filterlisten dy't jo brûke te ûnderhâlden, hokker allegearre fergees beskikber makke binne.
***
Frij.
Open source mei publike lisinsje (GPLv3)
Foar brûkers, troch brûkers.
Meiwurkers @ Github: https://github.com/gorhill/uBlock/graphs/contributors
Meiwurkers @ Crowdin: https://crowdin.net/project/ublock
***
Unthâld dat dit in hiele betide ferzje is as jo kommentaar leverje.
Projektwizigingslochboek:
https://github.com/gorhill/uBlock/releases